2020 It 19e Lustrum (Ut 'e skroeven) |
It lustrumfeest giet foarearst net troch y.f.m. Koroana!
Op 20 maaie 1925 waard Bernlef oprjochte. Dat betsjut dat der yn 2020 wer in Lustrum fiert wurdt. It tema fan dit lustrum is Ut 'e skroeven. It grutte feest sil fansels plakfine op 23 maaie 2020 mar yn de wike dêromhinne en fansels yn de wiken en moannen dêrfoar is der ek in ferskaat oan aktiviteiten. Foar de lêste ynformaasje ferwize wy jim graach troch nei www.lustrum.org dêr't it folsleine program te finen is.
|
|
Eartiids waard der troch de dt bernleffers gauris klaverjast. No sjogge wy elkoar net mear sa faak mar it bliuwt fansels in moai spultsje. Op de mobyl is no in redelik goeie app foar klaverjassen te krijen. Faaks ha jim dy ek al. Spylje jim wolris de daily challenge? Dy krijst troch rjochtsboppe op de stjêr te klikken.
Kinst yn de ynstellings no ek by de groep Bernlef. Dan kinst dy alle dagen at it dy útkomt mjitte mei de top fan de eardere tsjempjunsliik. Sjoch de fotos foar mear ynfo.
|
|
Sûnt koart is der op Bernlef.frl in Wikipedia eftich systeem optuge dat de skiednis fan Bernlef befetsje kinne moatte soe. Mar dêr by is fansels wol flink wat help nedich. Alle Bernleffers kinne ynlogge en oanpassings dwaan oan de side as wichtiger noch, taheakkings. Folje de gegevens oan oer dyn rûnte, kommisje, lustrum, bestjoer, sb as oare saken. De nije leden kinne der faaks noch wat fan leare...
http://bernlef.frl/wiki
|
|
|